Skip to content

Kneppelfreed Traditional Geocache

This cache has been archived.

Us mem: Komt niet meer terug, cache locatie is helaas gesloopt en dit
wil ik voorkomen.

More
Hidden : 2/3/2013
Difficulty:
1.5 out of 5
Terrain:
1 out of 5

Size: Size:   micro (micro)

Join now to view geocache location details. It's free!

Watch

How Geocaching Works

Related Web Page

Please note Use of geocaching.com services is subject to the terms and conditions in our disclaimer.

Geocache Description:

Kneppelfreed
Taalstriid mei wapenstôk en wetterkanon

Voor de nederlandse tekst, klik op vertaling onderaan de pagina.


De taal fan it gesach is yn Fryslân al sûnt ieuwen it Nederlânsk. De trouamtner, de rjochter, de ûnderwizer, de dûmny... allegear prate en skriuwe se Nederlânsk. Allinnich yn de kultuerele wrâld wurdthttp: in soad mei Frysk ompield en fansels: yn har eigen hûs prate fierút de measte minsken Frysk. Foaral nei de Twadde Wrâldoarloch wurde de Friezen har bewust fan dizze nuvere sitewaasje, dat se har eigen taal net brûke kinne by de offisjele ynstânsjes. Tidens en nei de oarloch nimt it gefoel fan ‘wy Friezen mei inoar’ ta. De Friezen wolle harsels no net langer mear ûndergeskikt meitsje. De Fryske Beweging, in groep minsken dy’t har sterk makket foar taal en kultuer, krijt hieltyd mear oanhing. In protte minsken binne lid fan ferienings dy’t by de Fryske Beweging hearre.

Net earlik behannele
Yn1948 binne der twa molkboeren dy’t de namme fan har keapwaar yn de Fryske taal opskriuwe. Dat mei net fan de rjochter en – slimmer noch – de rjochter stekt de mannen de gek oan. As trije jier letter dyselde rjochter in feedokter ferbiedt om yn de rjochtbank Frysk te praten, is de maat fol foar twa sjoernalisten. Fedde Schurer skriuwt yn de Heerenveense Koerier in flamjend artikel tsjin de rjochter, en yn it Bolswards Nieuwsblad docht Tsjebbe de Jong itselde. Beide mannen moatte no ek foar de rjochter ferskine, wegens mislediging fan de rjochterlike macht. Tidens de rjochtsaak sammelt in groepke minsken har op it Saailân. It binne foaral kollegasjoernalisten, skriuwers, studinten en minsken fan de Fryske Beweging. Al gau komme der in soad boeren en oare minsken by – it is op freed ommers ek feemerk op it Saailân. Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong krije gjin swiere straffen, mar de plysje skrikt fan de grutte kliber folk op it plein en beslút har mei wetterkanon en kneppel fuort te jeien. Der falle gjin slachtoffers, mar de lilkens om dit optreden is grut.

Kneppelfreed makket in soad Friezen dúdlik dat sy net earlik behannele wurde. Der wurde protestbyienkomsten holden, by guon plysjes wurde de ruten yngoaid en sels dûmny’s begjinne te preekjen oer Kneppelfreed. Yn de lanlike kranten wurdt der omtinken om jûn, en sa dringt ek by de regearing it besef troch dat de Friezen har sterk meitsje wolle foar har taal. Den Haach stjoert fuortdaliks trije ministers nei Fryslân ta om te praten. Trije ministers! Dat is noch nea earder foarkaam. Binnen in pear jier, yn 1955 en ’56, komme der nije wetten oer de posysje fan de Fryske taal. Frysk wurdt in echt fak op skoalle, yn de rjochtseal mei Frysk sprutsen wurde. En noch wer letter wurdt it Frysk offisjeel de twadde rykstaal.

Voor de liefhebber is er een banner.

Additional Hints (Decrypt)

Yvaxf oevriraohf baqre fgrra

Decryption Key

A|B|C|D|E|F|G|H|I|J|K|L|M
-------------------------
N|O|P|Q|R|S|T|U|V|W|X|Y|Z

(letter above equals below, and vice versa)